Sportwike los yn Frjentsjer

20 apr 2013 - 16:26
  • Schokker en Zonderland op 'e fyts
  • De happening begûn mei in grutte flashmob

Op it Sjûkelân yn Frjentsjer is de Nasjonale Sportwike Fryslân sneontemiddei fan start gien. Op it keatsfjild koene bern yn de kunde komme mei in grut ferskaat oan gasten en der wiene ek topsporters om it bewegen te promoatsjen.

De Olympiers Alyda Norbruis en Epke Zonderland mochten it startskot fan de sportwike jaan. Deputearre Tineke Schokker joech it goeie foarbyld. Se naam it al hurdfytsend op tsjin turner Epke Zonderland. De turner wol graach meihelpe om it sporten mei dit evenmint op de kaart te setten.

Alyda Norbruis helle de ôfrûne simmer Paralympysk sulver mei hurdfytsen. Sy wol dat bern witte dat je ek mei in beheining sporte kinne. Om dat doel te berikken hat se de stifting Kopgroep Alyda opset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)