Sportstêd wol WB-turnjen

05 feb 2009 - 13:23

Sportstêd Hearrenfean wol fan 2011 of 2012 ôf elk jier in wrâldbekerwedstryd turnjen organisearje. Sa hopet de Hearrenfeanske sportakkommodaasje ynternasjonaal mear oansjen te krijen as turnsintrum.

Hearrenfean organisearret no elk jier it Sidijk-toernoai dat tradisjoneel sjoen wurdt as de iepening fan it turnseizoen. It toernoai hat in goeie namme. In wrâldbekerwedstryd hat mear status en soe in logyske stap wêze om It Fean fierder op de kaart te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)