Sportstêd wol noch hieltyd gearwurkje mei Soccerdome

04 sep 2015 - 14:49
  • Sportstêd Hearrenfean

Sportstêd Hearrenfean wol mei de direksje fan Soccerdome prate om binnendoar-fuotbaljen by Sportstêd te krijen. Soccerdome wol sels graach op yndustryterrein De Kavels úteinsette mei in oerdutsen fuotbalpark, mar dêr stekt de rjochter foarearst in stokje foar.

De gemeente en Sportstêd Hearrenfean hawwe dêr beswier tsjin. De hal past net yn it bestimmingsplan. Manager Rinse Bleeker fan Sportstêd Hearrenfean seit dat de oarspronklike plannen fan Soccerdome gjin earlike konkurrinsje opleveret.

Binnendoar fuotbaljen heart wat him oanbelanget by Sportstêd. Hy wurdt dêryn stipe troch de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)