Sportstêd Hearrenfean wol gearwurkje mei Soccerdome

26 aug 2015 - 12:33

Sportstêd Hearrenfean wol gearwurkje mei it Soccerdome. Dat die woansdei bliken by in koart pleit dat tsjinne tusken beide partijen. It Soccerdome hie it koart pleit oanspand omdat se op dit stuit net iepen meie.

It oerkape fuotbalpark is húsfeste yn in âld bedriuwsgebou op in yndustryterrein. De gemeente Hearrenfean is hjir net gelokkich mei, mar moast fanwege proseduereflaters wol in fergunning ôfjaan. Sportstêd Hearrenfean hat dit oanfochten en dêrtroch mei it sintrum noch net iepen. Sportstêd is benaud foar konkurrinsje.

It Soccordome rjochtet him op deselde klanten, mar hat hjirfoar bettere foarsjennings. Dat sadwaande dat gearwurking yn de takomst foar Sportstêd in opsje wêze kin. Der is sels mooglikheid om in nije hal by Sportstêd te bouwen.

Of it Soccerdome hjir earen nei hat is noch net dúdlik. De rjochter docht oer in wike útspraak oer de fraach oft it fuotbalpark wer iepen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)