Sportstêd Hearrenfean krijt terrein foar freerunning

05 nov 2015 - 15:31
  • By Sportstêd Hearrenfean komt romte foar freerunning

Sportstêd Hearrenfean wurdt útwreide mei in oerdekte hal. Yn de hal komt romte foar in skeelerbaan. Njonken de nije hal, komme der in skeelersprintbaan, fiif fierljepskânzen en fjouwer beachfollybalfjilden. Der komt ek in terrein foar urban sports, dat binne bygelyks skateboarde, strjitfollybal en freerunning. By freerunning springe minsken mei gymastyske techniken oer obstakels.

De útwreiding komt oan de súdkant fan it besteande kompleks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)