Sportprojekt yn Nijhoarne los

29 nov 2011 - 12:16

It projekt 'Scoren voor Gezondheid en School' van SC Hearrenfean en Sportstêd Hearrenfean is tiisdei wer úteinset op de Sevenaersskoalle yn Nijhoarne. Alle bern krigen in boekje en in shirt fan ster-fuotballer Youssef El Akchaoui fan SC Hearrenfean. As se wolle kinne de bern in kontrakt ûndertekenje dêr't se yn tasizze dat se goed sporte en sûn ite sille.

Der wurdt de kommende moannen ekstra oan sport dien en de bern kinne meidwaan oan clinics op It Hearrenfean. It projekt wie ferline jier in grut sukses en derom komt der in ferfolch op. Doel fan it projekt is om de bern mear bewege te litten en yn kontakt te bringen mei safolle mooglik sporten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)