Sportprojekt foar 55-plussers

21 feb 2006 - 15:04

Mar leafst 500 minsken yn de gemeentes Achtkarspelen en Kollumerlân dogge tongersdei mei oan in fitheidstest yn it ramt fan it saneamde GALM-projekt. It giet hjir om in sportstimulearrings- projekt foar minsken fan 55 oant en mei 64 jier, dy't net mear oan sport dogge.

Yn de measte gemeentes leit de opjefte op sa'n 10 persint, wylst yn Achtkarspelen en Kollumerlân it sifer útkomt op 25 persint. De dielnimmers folgje in programma fan tolve wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)