Sportprojekt foar 45 plussers

11 nov 2008 - 12:22
  • 45 plussers tenei aktyf op amateurnivo?

De Ljouwerter fuotbalferiening LAC Frisia docht mei oan it projekt om minsken boppe de 45 jier wer oan it sporten te krijen. De club is mei FC Lisse en Zeelandia troch de KNVB oanwiisd as proef. Der is jild beskikber foar medyske begelieding en ek is der in diplomearre trainer.

Minsken dy't no al belangstelling hawwe, kinne alle wiken meitraine mei it senioareploechje fan Frisia. Alle tiisdeis komme goed tweintich man byelkoar om de spieren los te goaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)