Sportpriis foar Epke Zonderland

11 mrt 2006 - 12:06

De Lemster turner Epke Zonderland hat de Fryske Sportwikselpriis krigen. De sjuery wie unanym yn it advys oan Deputearre Steaten. It is foar de 33e kear dat de Provinsje de priis útrikt.

Epke helle op de wrâldkampioenskippen turnen mearkamp 2005 yn Melbourne de finale. Hy hearde doe by de bêste tolve fan de wrâld. Fierder waard er ferline wike yn Teheran earste op de rekstok. Deputearre Andriesen oerlange de priis oan Epke Zonderland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)