Sportplein by Lyndensteyn

27 sep 2013 - 12:33
  • Sport- en spulskoalplein by Lyndensteyn

Yn Beetstersweach is freed it earste 'Schoolplein 14' foar spesjaal ûnderwiis iepene. Dat is sa opboud en ynrjochte dat it as in soart fan sportfjild brûkt wurde kin. It plein is in inisjatyf fan de Johan Cruijff Foundation. Doel is om bern yn beweging te krijen.

Op ferskate plakken yn Nederlân binne al fan sokke sportskoalpleinen, mar foar spesjaal ûnderwiis wie der noch gjint. Op it plein yn Beetstersweach kin ûnder oare basketball en fuotbal spile wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)