Sportplannen yn Sint Jabik

07 feb 2002 - 00:00

De gemeente It Bilt is bot te sprekken oer de plannen foar in nije sportakkomodaasje yn Sint Jabik. Mei de sportferienings en Pleatslik Belang is ôfpraat dat it sportbarren fan it sintrum ferpleatst wurdt nei de eastkant fan it doarp. Dêr komt dan in nij keats- en fuotbalfjild mei in nije gymseal.

Yn it sintrum komme huzen. Boppedat kin basisskoalle De Opstap no útwreidzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)