Sportmiddei foar flechtlingebern yn needopfang Frjentsjer

20 okt 2015 - 16:35

De flechtlingebern yn needopfang De Trije yn Frjentsjer hawwe harren de hiele middei goed fermakke op de spesjaal organisearre sport- en spulmiddei. De bern koene meielkoar basketbalje, dûnsje of gewoan gesellich boartsje. De middei waard organisearre yn in spesjale rûmte yn de sporthal, sadat de bern alle romte hiene om spultsjes te dwaan.

Neffens frijwilliger en gymnastykdosint Pieter van Althuis hawwe de bern wol nocht oan de aktiviteiten, om't se sa ek oan wat oars tinke kinne as wat se meimakke ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)