'Sportman' lûkt gjin minsken

12 apr 2006 - 14:21

Der is hast gjin belangstelling foar de film 'Sportman fan 'e ieu'. Der hawwe sûnt de premjêre ferline wike 1.500 besikers west. Hast de helte fan de bioskopen hat ek al oanjûn dat se de film net mear draaie wolle. Fan de 29 sealen dêr't de film yn premjêre gie, binne no noch 16 oer.

De Fryske bioskopen bliuwe noch wol hoopfol. De fiif bioskopen hjir sille de film yn alle gefallen noch oant en mei it Peaskewykein draaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)