'Sportman' hopet op Nynke-effekt

14 mrt 2006 - 16:21

De makkers fan de film Sportman fan 'e ieuw hoopje mei te liftsjen op it sukses fan oare Fryske films as Nynke en de Kameleon. De film giet 3 april yn premjêre yn Tivoli yn Ljouwert. Dêrnei is er te sjen yn 35 bioskopen yn hiel Nederlân. Nynke draaide yn 40 en de earste Kameleon yn 118 bioskopen.

De film is regisseard troch Mischa Alexander. De haadrollen binne foar Jochem ten Haaf, Bastiaan Ragas en Ricky Koole, allegear net-Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)