Sportman fan 'e Ieu yn premjêre

04 apr 2006 - 14:49

De nije Frysktalige film 'Sportman fan'e Ieu' is moandeitejûn yn Ljouwert yn premjêre gien. In grut part fan de cast wie dêrby fansels by oanwêzich, wêrûnder Bastiaan Ragas, Jochem ten Haaf en Ricky Koole. Neist de grutte stjerren sit der ek Frysk talent yn de nije film. Sa spilet Sipke Visser fan de Westerein de jonge Teake.

Sportman fan'e Ieu giet oer pealsitter Teake Jongsma fan Terkaple en syn striid tsjin ûnrjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)