Sportkompleksen privatisearre

18 okt 2006 - 11:10

De trije sportakkommodaasjes yn Eaststellingwerf wurde privatiseard. De kommende fiif jier beheart en eksploiteart de Sportijn Group it Bosbad yn Appelskea, sportkompleks De Boekhorst yn Easterwâlde en sporthal De Bongerd yn Haulerwyk.

Fanwege tekoarten op de begrutting hat de gemeente it dreech hân mei de eksploitaasje. Om kosten te besparjen binne dizze taken útbestege. De gemeente jout noch wol in bijdrage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)