Sportkompleks Goutum giet troch

24 nov 2005 - 09:42

De oanlis fan in sportkompleks by de Drachtsterwei by Goutum kin trochgean. Dat hat de Raad van State bepaald. Doarpsbelang Goutum hie beswier oantekene tsjin de oanlis.

De feriening is benaud dat it ferkear nei en fan it kompleks foar problemen soarget op de minirotonde yn de Tearnsterdyk yn Goutum. Neffens de Raad van State is der gjin grûn foar dy beswieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)