Sportkoepel foar Fryslân

01 mrt 2007 - 10:22

Yn Fryslân moat in profesjonele sportkoepel komme dy't topsporters en harren klups stipet. Dat wol Gemeentebelangen Friesland. Wichtich ûnderdiel fan it plan is de bou fan in nij hypermodern iisstadion op It Hearrenfean.

De op te rjochtsjen sportkoepel moat sporters helpe by bygelyks harren wurk, stúdzje en medyske fersoarging. Mei it MCL soene kontrakten ôfsluten wurde kinne foar medyske behannelingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)