Sportklups rol yn maatskippij

12 mrt 2011 - 14:41

Sportferienings moatte de buert, stêd of wyk mear belûke by de club. Dat is de útkomst fan in nij ûndersyk oer de maatskiplike rol fan sportklups. By ONS yn Snits wurdt al drok neitocht.

By Cambuur rint in projekt mei probleemjongeren en by Drachtster Boys wurdt de kantine brûkt as berne-opfang. Sa tinke se by ONS yn Snits ek nei oer hoe't se mear bining mei de buertbewenners krije kinne. De club begjint yn april mei in projekt om wurkleazen wer oan it wurk te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)