Sportklups protestearje tsjin hegere kosten yn nije gemeente

24 aug 2015 - 20:41
  • Doarpklups by gearkomste fan de gemeente Ljouwert

Sportklups út Grou en omlizzende doarpen binne net bliid mei it nije sportakkommodaasjebelied fan de gemeente Ljouwert dêr't de doarpen no ûnder falle. Se binne moandeitejûn manmachtich nei it stedhûs yn Ljouwert ta kommen om dat blike te litten. De gemeenteried praat moandei oer it nije belied.

De sportferienings yn de doarpen hawwe folle mear kosten as de ferienings yn 'e stêd. Dat komt om de sportklups yn 'e doarpen eigen gebouwen hawwe. De doarpsklups fine dat se te min kompensearre wurde troch de nije gemeente.

De doarpen falle no ûnder de gemeente Ljouwert dêr't de belesting heger is as yn harren âlde gemeente Boarnsterhim. Ynkoarten sil de Ljouwerter gemeenteried in beslút nimme oer it nije belied.

Ek sportferienings út Ljouwert sels binne net bliid mei de sporttariven. Sy fine de folsleine taryfstelling net transparant. Wethâlder Andries Ekhart hat tasein dat der binnen twa wiken dúdlikens komt oer de tariven foar de sportferienings yn de gemeente Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)