Sportklups Ljouwert net wiis mei nije sporttariven

17 nov 2015 - 00:49
  • Gemeente Ljouwert

De ried fan Ljouwert hat oerienstimming berikt oer de nije sporttariven. It wie in muoisum punt. It kolleezje woe de tariven yn de hiele gemeente lyk lûke. Yn doarpen as Grou, Jirnsum en Wergea soe de hier fan sportakkommodaasjes dan flink omheech gean, yn fergelyk mei wat de klups oan de eardere gemeente Boarnsterhim betellen.

De klups hiene grutte krityk op dy ferheging. Dy is no foar in part fan de baan, de foarstelde ferheging is omleech brocht.

"Net akseptabel"

De klups betelje lykwols noch hieltyd mear as oan de eardere gemeente Boarnsterhim. Dêr binne se net bliid mei. "Der binne wol stappen set, mar dit is foar ús noch hieltyd net akseptabel", seit Sije van der Meulen. Hy is foarsitter fan de Stichting Sportcentrum Grou.

As foarbyld neamt hy de hier foar de gymnastykseal yn Grou. "Dêr betellen wy altiten 11,50 euro yn 'e oere foar. De gemeente woe dat ferheegje nei 17,70 euro. Uteinlik binne se útkaam op 15 euro yn 'e oere. Mar dat is noch in ferheging fan 3,50 euro yn de oere."

Unôfhinklik ûndersyk

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sei moandeitejûn noch wol ta dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de gefolgen van de nije sporttariven. Dat moat sjen litte oft de beswieren fan de sportklups terjochte binne.

Van der Meulen hat der lykwols net in soad fertrouwen yn. "De wethâlder joech al oan dat it in beheind ûndersyk wurdt." Hy fynt de gong fan saken beskamsum. "De ried hat moandei ferlern yn in polityk steekspul."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)