Sportklup warskôget supporters

26 feb 2006 - 15:05

Sportklub Hearrenfean warskôget syn supporters dat sy net te faak oer de skreef gean moatte. Oars bestiet de kâns dat it spesjale sfearfak dat sûnt it begjin fan dit seisoen yn gebrûk is wer ferdwynt. Dat skriuwt de direksje fan de sportklub yn in brief oan de supporters.

Alhoewolt de sfear better wurden is, geane supporters faker oer de skreef sûnt it fak der is. Fans soene mei drank op nei it stadion gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)