Sportklasse op Magister Alvinus

06 des 2006 - 15:56

Middelbere skoalle Magister Alvinus út Snits krijt as earste yn Fryslân sportklassen. Dat hâldt ûnder oare yn dat learlingen mear gymnastyk krije en dat se ien kear yn 'e wike nei in sportwedstriid gean of dat se in sportkursus krije. Fierders komt der in eksamenfak foar de boppebou mei de namme Beweging, Sport en Maatskippij.

It is de bedoeling dat yn it nije skoaljier de earstejiers kieze kinne foar de sportklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)