Sportkantines earder ticht

22 nov 2007 - 18:45

Wûnseradiel stelt strengere easken oan de iepeningstiden fan sportkantines. De gemeente docht dat op fersyk fan de horeka. Dy hie syn beklach deroer dien dat foaral de fuotbalferienings har kantines langer iepen ha as at mei.

B en w stelle no foar om de kantines nei wedstriden op sneon om sân oere ticht te dwaan. Troch de wike en mei ynhelwedstriden moatte de doarren om alve oere jûns ticht. De ried moat him noch oer de kwestje bûge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)