Sportivity makket sporten leuk

30 okt 2014 - 19:20
  • In soad bern kamen nei de earst Sportivity-middei
  • Fuotballer Albert Rusnák sette hiel wat hântekenings

Op skoallemienskip Comenius is tongersdeitemiddei begongen mei it projekt Sportivity. Doel fan Sportivity is om bern mear oan it sporten te krijen. De sportmiddeis wurde organisearre nei oanlieding fan it rapport fan it RIVM. Dêryn stiet dat bern út de trije noardlike provinsjes it minst oan sport dogge.

Bern tusken de tsien en tolve jier binne wolkom op dizze sportmiddei. Der binne trije middeis pland mei fuotbal, basketbal en dûns. Tongersdei wie de ôftraap fan de fuotbalmiddei mei SC Cambuurspilers Albert Rusnák en Lucas Bijker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)