Sporthal yn Frjentsjer wurdt klearmakke foar krisisopfang

18 okt 2015 - 11:39

De tariedings foar de opfang fan 165 flechtlingen yn Frjentsjer binne yn folle gong. De flier wurdt snein yn sporthal De Trije oanlein. De flechtlingen, dy't no noch yn Twinte yn de krisisopfang sitte, wurde moandeitemiddei yn Frjentsjer ferwachte. Se bliuwe seis dagen yn de opfang.

Ek moandeitemoarn wurdt noch drok wurke om de hal klear te krijen. In soad frijwilligers ha har melden om te helpen. De measte sportaktiviteiten kinne gewoan trochgean. In pear ferienings sille har de kommende wike efkes skikke moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)