Sporthal Kealledykje besketten

22 jul 2004 - 11:33

In ûnbekende hat woansdei twa gatten sketten yn in rút fan sporthal it Kealledykje yn Ljouwert. De gatten waarden ûntdutsen doe't nei de sjitpartij it alarm ôfgie. Op it parkearplak foar de sporthal waarden trije kûgelhulzen fûn.

De plysje hat noch gjin dieders fine kind en freget no tsjûgen fan de sjitpartij har te melden. De sporthal hat de lêste tiid wol faker te krijen mei fernielerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)