'Sporthal Holwert kin bliuwe'

11 okt 2007 - 21:59

De sporthal yn Holwert kin behâlden bliuwe as der goeie ôfspraken makke wurde tusken de gebrûkers en de gemeente. Dizze ôfspraken oer it gebrûk, it ûnderhâld en de eksploitaasje moatte dan fêstlein wurde yn in konvenant.

Dat fynt de CDA-fraksje yn de gemeenterie fan Dongeradiel. De fraksje komt yn novimber mei in moasje op de begruttingsfergadering fan de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)