Sporthal Dokkum yn minne steat

16 okt 2009 - 09:48

Sporthal De Trimmer yn Dokkum is der technysk sjoen min oan ta. De gemeente Dongeradiel moat dêrom jild oan de kant lizze foar in nije sporthal, seit it kolleezje. Neffens boargemaster Waanders is elke euro dy't no noch yn De Trimmer stutsen wurdt, weismiten jild. De sporthal is der sa min oan ta dat in basketbalferiening der net mear spylje mei fan it bûn dêr't de klup by oansletten is.

De gemeente ynvestearret noch mar in hiel lyts bytsje yn De Trimmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)