Sportfjilden Grou kinne ferhúzje

25 jan 2006 - 13:52

De problemen mei de ferhuzing fan de sportfjilden yn Grou lykje foarby. Doel is dat fuotbalclub GAVC, kuorbalclub Marfûgels en tennisferiening TVG fan de Nesserdyk nei sportpark Meinga by de A32 gean.

In finansjeel tekoart soarge foar fertraging. De sportferienings sille no in oantal foarsjennings skrasse op it kompleks, sadat de oanlis minder kostet. Fierder jouwe de gemeente en de projektûntwikkelder elk oardel ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)