Sportfjilden B'him opknapt

11 apr 2012 - 11:46

De gemeente Boarnsterhim ynveastearret de kommende twa jier noch sân ton yn de sportfjilden. Der is gjin jild, mar dit projekt is destiids mei de minister ôfpraat doe't de gemeente ûnder tafersjoch kaam te stean.

Alle sechtjin fjilden yn de doarpen geane oer de kop en wurde opknapt, sadat se hielendal by de tiid binne as Boarnsterhim oergiet yn de omlizzende gemeenten. En dat is 1 jannewaris 2014. Der komme drainearbuizen yn de grûn sadat it wetter fuortrinne kin.

Der moatte no tefolle wedstriden ôfsein wurde omdat de fjilden, as it reint, te wiet binne. Woansdei sette in projekt útein op sportkompleks De Bining yn Jirnsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)