Sportfiskers telle út loft wei

21 sep 2013 - 16:36
  • Tellen fan sportfiskers út de loft wei

Hûnderten Fryske sportfiskers binne sneon teld. Se ha it net yn de gaten hân, want it tellen barde út in lyts fleantúchje wei. Sportfiskerij Fryslân brûkt de gegevens ûnder oare om foarsjennings foar fiskers te ferbetterjen. In jier lang giet twa kear yn de moanne in fleantúchje de loft yn út Lelystêd wei, mei oan board in persoan dy't sportfiskers op it wetter telt. Yn Fryslân binne 33.000 sportfiskers yn ús provinsje. Op de grûn wurde enkêtes dien. Derút blykt dat 96 prosint mei de auto nei de fiskstek komt.

De mearderheid fisket op wytfisk en sawat fiif oeren by it wetter sit. Sa'n 100.000 fiskers soene alle jierren nei de Fryske wetters komme, mar dit ûndersyk moat foar sifers soargje dy't dat ûnderstreekje. It tellen en ûnderfreegjen fan sportfiskers duorret noch oant desimber. Dêrnei wurde de definitive resultaten bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)