Sportfiskers op 'e bon

27 maaie 2007 - 12:53

By in kontrôle fan sportfiskers yn de omkriten fan Ljouwert binne sneon trije bekeurings útdield. De trije fiskers hienen gjin fiskpas of fisken mei libben aas.

Mei-elkoar waarden 40 fiskers kontroleard. Dat waard dien troch de plysje yn gearwurking mei de Hengelsportferiening Ljouwert. Neist de trije bekeurings krige in tal fiskers in warskôging foar lytsere oertredings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)