Sportfiskers bekeurd

13 mrt 2006 - 11:12

Twa sportfiskers binne sneon yn Kollum op 'e bon slingere om't se hast twahûndert libbene fisken yn tassen by har hiene. Sa'n 20 persint fan de fisken libbe noch en waard wer útsetten. De oare fisken waarden yn beslach naam.

De Fûgelpits yn Moddergat hat de fisken krigen as fretten foar de fûgels. De beide fiskers ha proses-ferbaal krigen foar biste-kwelling en om't se net de goede fergunnings hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)