Sportferienings aktiver ynsette as middel tsjin krimp

17 des 2015 - 22:09

Sportkantines moatte de doarpshuzen fan de takomst wurde. Sportferienings kinne nammentlik in wichtige rol spylje yn it kearen fan de krimp yn Fryslân. Dat sizze Sport Fryslân, it Mulier Instituut en it Fries Sociaal Planbureau.

Se sille hjir ûndersyk nei dwaan mei help fan de Fryske Sportferienigingsmonitor. Dy moat sjen litte hoe't de sportferienings harren aktiviteiten organisearje en hoe fitaal as se binne.

Troch bygelyks programma's foar âlderen op te setten en minsken te stimulearjen om te sporten foar harren sûnens, kinne se in wichtige rol spylje yn benammen de lytsere doarpsmienskippen. It doel fan de monitor is ûnder oaren om de ferienings te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)