Sportferiening Be Quick Frjentsjer lilk en skrokken fan rôf

01 feb 2016 - 14:31
  • Sporthal De Trije yn Frjentsjer

Sportferiening Be Quick út Frjentsjer is lilk en bot skrokken fan de berôving ôfrûne sneon yn sportkompleks De Trije. De komplete deiopbringst fan de nijjiersshow, dy't organisearre waard troch de feriening, is stellen. It giet om sa'n lytse 3000 euro.

No kin de feriening gjin nije sportattributen mear oankeapje. De klup is boppedat bot fan slach om't de dieder in frijwillichster bedrige hat mei in mes. ''Loslaten of ik steek je neer'', sei de dieder tsjin it slachtoffer neffens foarsitter Ivan Pakan fan Be Quick.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)