Sporters huldige yn Hearrenfean

25 mrt 2006 - 15:50

Op it Hearrenfean binne freedtejûn de olympyske sporters út dy gemeente huldige. De sporters, allegearre reedriders, krigen in bosk blommen. De medaljewinners krigen dêrneist ek noch in byld.

Reedrydster Barbara de Loor waard ekstra yn it sintsje set. Sy hat in pear wike lyn de redens foargoed yn it fet set. De Loor krige út hannen fan KNSB-foarsitter Reitsma in gouden penning útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)