Sporte foar WNF

11 maaie 2011 - 09:57

Hûnderten minsken sille dizze wike yn Fryslân sporte foar it goede doel. Yn Earnewâld giet tongersdei de WNF Challenge fan start. Trije dagen lang sille tsientallen teams út hiel it lân wei sile, hurddrave troch it fjild, moantainbike en waadrinne.

It doel is om sa'n 350.000 euro by-inoar te bringen foar it natuerbeskermingswurk fan it Wereld Natuur Fonds. Neist Earnewâld wurde ek aktiviteiten organisearre yn Lauwerseach en op It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)