Sporte by Caparis

26 okt 2010 - 22:07

Sportferienings yn Drachten en sosjale wurkfoarsjenning Caparis komme mei in nij projekt om sa folle mooglik meiwurkers fan Caparis oan it sporten te krijen. It inisjatyf wurdt stipe troch sportkoepel NOC*NSF.

Trije sportklups út de gemeente Smellingerlân sille demonstraasjes jaan oan de meiwurkers. De earste dêrfan is atletykferiening Impala út Drachten. Uteinlik is it doel dat der yn totaal tritich Caparismeiwurkers lid wurde sille fan in sportklup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)