Sportclubs meie kninen ôfsjitte

19 nov 2001 - 00:00

Op de fuotbalfjilden yn Ljouwert meie tenei kninen ôfsketten wurde. Dat hat de rjochter bepaald yn in saak dy't de BV Sport út Ljouwert oanspand hie tsjin it ministearje fan natoerbehear.

Neffens de sportorganisaasje is ôfsjitte nedich om't de kninen grutte gatten grave yn de fjilden. Fuotballers soene dêrtroch it risiko rinne wat te brekken as se yn in hol traapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)