Sportclub rekket fjild kwyt

10 maaie 2006 - 17:41

Leden fan Sportclub Smallingerland ha tiisdeitejûn protesteard by it gemeentehûs yn Drachten. Op it plein foar it gemeentehûs waard in fuotbalwedstriid spile.

De club rekket syn sportfjild kwyt, omdat der hûzen boud wurde. Dat is al fjouwer jier bekend mar der is noch altiten net in nij plak oanwiisd. No driget de club fan 30 juny ôf sûnder fjild te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)