Sportauto's race oer Ofslútdyk

22 jun 2010 - 10:13

De bestjoerders fan trije sportauto's moasten sneintemiddei harren rydbewiis ynleverje om't se fierste hurd oer de Ofslútdyk rieden. Se stiene mei de auto's neist de plysje te wachtsjen foar de brêge by Koarnwertersân.

Doe't de brêge wer iepengie, joegen de sportautobestjoerders fol gas. Ien fan harren ried goed 220 kilometer yn 'e oere. De twa oaren hâlden it by goed 185 kilometer. Alle trije manlju hawwe proses-ferbaal krigen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)