Sport foar handikapten yn FEC

26 aug 2003 - 00:00

Soarchfersekerder De Friesland organisearret op 25 oktober in grut sportspektakel foar ferstanlik handikapten yn it FEC yn Ljouwert. It giet om de Friesland Olympiade wêrby't de dielnimmers oan ferskate sportdisiplines meidwaan kinne.

It is foar it earst dat De Friesland sa'n grut provinsjaal sportspektakel organisearret. Mei-elkoar kinne der in lytse 1500 minsken oan de Friesland Olympiade meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)