Spookrydster (88) op A7

17 sep 2012 - 12:54
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 88-jierrige frou út Wolvegea wie sneintemiddei oan it spookriden op de A7 by de Jouwer. Twa plysjemannen seagen de auto fan de frou yn de berm by De Jouwer stean en sprutsen har oan.

Neffens de frou hie se op de rotonde de ferkearde ôfslach nommen en ried se dêrtroch tsjin it ferkear yn. De plysje hat it rydbewiis fan de frou innommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)