Spontane aksjes foar Koerden

09 okt 2000 - 09:19

Tsjerkegongers yn Huzum Ljouwert kollektearren snein spontaan foar de Koerdyske famylje dy't op strjitte set is. De opbringst wie mear as tûzen gûne. Dûmny Nicolai dy't har oer de Koerden ûntferme hie, wie foargonger fan de tsjinst.

Fiifhûndert gûne sammele de gemeente fan Reduzum yn. De famylje koe it wykein op in pleats yn Ketlik bliuwe, mar moat moandei fuort. Wêrhinne is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)