'Sponsorregels SKS te streng'

02 aug 2010 - 16:17

De regels foar sponsoring by de SKS moatte ferromme wurde. Dat fynt Jan Hylkema fan de Peugeot-garaazje mei deselde namme. Hy hat krekt in reklamespotsje mei it Feanster skûtsje weromlutsen fan televyzje. Dêryn wie it skûtsje te sjen mei in blauwe spinaker mei it logo fan Peugeot.

De SKS fynt dat soks net kin en hat frege it spotsje oan te passen. Dat wegeret Hylkema om't dan de clou fuort is. Boppedat fynt er it ûnsin, om't in skûtsje nea mei sa'n seil farre soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)