Sponsorkampanje Frivius

18 jan 2005 - 12:34

It Fryske enerzjybedriuw Frivius hâldt in grutte sponsorkampanje ûnder sportklubs. Doel is om de de bekendheid te fergrutsjen. Sportklubs dy't sponsore wurde troch Frivius moatte wol in tsjinprestaasje leverje. Se moatte ûnder de leden potensjele klanten winne.

It enerzjybedriuw hat no 2500 oanslutingen, mar wol noch folle grutter groeie. De sponsorkampanje rint tige goed, seit Frivius.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)