Sponsor foar ploech Van der Veen

21 nov 2003 - 00:00

De marathonploech fan trener Pascal Vergeer hat einlings in sponsor fûn. It giet om sportmoadebedriuw Time Out. Yn de ploech rydt ek nasjonaal kampioen Bert Jan van der Veen fan De Jouwer.

Time Out stipet de ploech foar de rest fan dit jier. Boppedat is der in opsje foar de twa kommende jierren. Yn de ploech ride ek Miel Rozendaal en de Amerikaan KC Boutiette. De earste wûn dit jier ien race, de twadde al twa. Time Out is ek in sponsor fan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)