Sponsor foar minimarestaurant

14 apr 2006 - 17:07

Achmea sponsort it Minimarestaurant fan de 'Stichting van Harte' yn Ljouwert. Dat giet op 1 maaie iepen. Minsken dy't op it minimum sitte kinne foar 2,50 euro ite, oaren moatte it dûbele betelje. It restaurant wurdt sjoen as in wapen yn 'e striid tsjin de earmoede en moat kontakten tusken de minder bedeelden ta stân bringen.

It restaurant sit yn fersoargingstehûs Het Nieuwe Hoek en sil tiisdeis en tongersdeis iepen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)