Spoekrider opkeard op Wâldwei

15 jan 2014 - 11:42

By De Pein koe in foarbygonger tiisdeitemiddei tefoaren komme dat in 72-jierrige frou út de gemeente Opsterlân sûnder ljochten oan mei har auto oan de Wâldwei by Drachten opried. Dêrby soe de frou ek noch tsjin it ferkear ynride. De foarbygonger koe har tsjinhâlde. Se liek yn de war te wêzen en is oerbrocht nei it sikehûs. Har rydbewiis is ynnommen. Ek wurdt ûndersocht oft se noch wol in auto bestjoere kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)